'Bou Nij Saailân is feilich'

De parkeargaraazje giet 19 april ticht
De gemeente Ljouwert sil der alles oan dwaan om by de bou fan it Nij Saailân fersakkings lykas yn Amsterdam en Keulen foar te kommen. Dêr gong it mis by de realisaasje fan de metro. Dat sei wethâlder Deinum tiisdei by it ûndertekenjen fan de kontrakten foar de bou fan it projekt Nij Saailân.
Neffens Deinum is de saak trije kear trochrekkene en is it feilich. Foar it projekt moat in soad ûndergrûns boud wurde.