Frou bestellen yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
In 24-jierrige frou út Ljouwert is moandeitenacht yn har wenplak oerfallen en bestellen. De frou rûn oer de Nijstêd doe't se op de hichte fan it Waagplein oansprutsen waard troch in man. Dy begûn hurd oan har hier te lûken. Doe't er har losliet, rûn se hurd fuort en kaam flakby in plysje-auto tsjin.
De frou fernaam doe dat se har mobile tillefoan miste. Dy fûn se op de Nijstêd werom. De plysje hat noch om de dieder socht, mar hat him net fûn.