CDA: mear learlingbouplakken

10 mrt 2009 - 07:39

Learlingbouplakken foar boubedriuwen moatte ferplicht steld wurde by nije bouprojekten. Dat sei de CDA-fraksje fan Skarsterlân moandeitejûn yn de kommisje Bestjoer en Finânsjes. Troch in learlingbouplak hopet de partij mear jongeren by de bou te belûken.

Wethâlder Hylkema sei dat er wol mear omtinken jaan wol oan dy foarm fan it oplieden fan jongerein. It past neffens him yn de line fan it sosjaal-ekonomysk belied fan de gemeente.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)