Gjin ynfobuorden foar Ljouwert

10 mrt 2009 - 07:12
Foto: Omrop Fryslân

Der komme gjin permaninte buorden by de diken foar Ljouwert te stean mei ynformaasje oer de reistiid nei de stêd ta. It idee achter de pleatsing fan tydlike buorden mei dizze ynformaasje yn novimber wie dat automobilisten it foar harren rapste paad kieze soene. Mar it makket neat út hokker paad je kieze. De fertraging bliuwt itselde.

Dat docht bliken út ûndersyk fan Rykswettersteat, de provinsje en de gemeente Ljouwert.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)