Komst Filmhûs yn museum ûnwis

10 mrt 2009 - 00:25

De ried fan Ljouwert jout noch gjin tastimming foar de yntegraasje fan it Frysk Filmhûs yn it Frysk Museum. It kolleezje fan B&W, it Filmhûs en it Frysk Museum wolle it graach, mar it kostet de gemeente Ljouwert mear as 2 miljoen euro en dat fine de riedsleden in grut risiko yn dizze tiid.

In oar punt is dat de ried foar 1 april in beslút nimme moat. Oars rint it Saailânprojekt bot fertraging op. De ried fynt ek dat it plan net goed ûnderboud is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)