75 jier lapkehannel Jan Sikkes

De lapkehannel fan Jan_Sikkes bestiet 75 jier. Yn_´t_earstoan waard der sutele, mar no sitte de winkels oer hiel Noard-Nederlân. De ekonomyske krisis liket oan Sikkes foarby te gean. It sels meitsjen fan klean is wer yn, der wurde op ´t heden 15 prosint mear lapkes ferkocht as oars.
Yn 1934 begjint Jan Sikkes in hearemoadehûs yn Warkum. De saak is útgroeid ta njoggen winkels mei 120 meiwurkers. Fan Haarlem oant Snits is it lapkeguod fan Sikkes in begryp.