Autobestjoerder krijt hypo

09 mrt 2009 - 10:40

In 80-jierrige man út Sint Anne is snein syn rydbewiis kwytrekke nei't er troch in hypo de macht oer it stjoer ferlear. By in hypo is der te min sûker yn it bloed. Minsken dy't soks hawwe wurde suf, reitsje betize of soms sels út de tiid.

De man woe syn auto parkeare yn Sint Anne, doe't er de macht oer it stjoer ferlear. Hy ried earst in tún yn. Dêrnei joech er fol gas en rekke er in parkearde auto. Ambulânsemeiwurkers joegen him sûker sadat er wer bykaam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)