Fernielings troch kroechrinner
In 33-jierrige ynwenner fan It Hearrenfean is sneintenacht oanhâlden foar fernielings. Yn de kroech oan de Oude Koemarkt wie spul ûntstien. De man waard dêrop út de kroech set. Doe't er bûten wie, sloech er in rút fan de tagongsdoar yn.
De man is oanhâlden en oerbrocht nei it plysjeburo. Dêr sit er fêst.