Earste aai wurdt net erkend

08 mrt 2009 - 20:46

It Fûgelwachtersbûn BFVW sil it earste ljipaai dat Tsjeard Beukens fan Skearnegoutum sneintemiddei fûn net erkenne. Beukens hat it aaike meinommen sûnder dat er in aaisikerskaart hat. Dat is neffens it BFVW tsjin de regels en de fynst kin dêrom net as offisjeel oanmerke wurde.

Dat Beukens mei help fan de fûgelwacht Skearnegoutum jûns wol oer de júste papieren beskikte feroaret neffens it bûn neat oan de saak. Beukens begrypt dat it BFVW net oars kin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)