Earste ljipaai fan Fryslân fûn

08 mrt 2009 - 17:06

It earste (ûnoffisjele) ljipaai fan Fryslân is snein om 16.15 oere fûn troch Tjeard Beukens fan Skearnegoutum, Wymbritseradiel. Beukens is boer en hat it aai fûn yn syn eigen lân. It Bûn fan Fryske Fûgelwachten is ek al op de hichte fan de fynst.

Beukens hat lykwols gjin neisoarchkaart en hat ek gjin sms-ke stjoerd. Dat is wol ferplichte. Beukens moat dêrom noch hiel rap in kaart oanfreegje by de fûgelwacht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)