FNP: 'Aksje tsjin Post Plaza'

08 mrt 2009 - 16:55
Annigje Toering fan de FNP-Steatefraksje

De FNP yn de Fryske Steaten wol dat it kolleezje fan Deputearre Steaten aksje ûndernimt tsjin Hotel Post Plaza yn Ljouwert. It management fan dat hotel hat har personiel ferbean om Frysk tsjininoar te praten. Dat soe better wêze foar de tsjinstferliening.

De FNP fynt dat dat soks oan de protters raast en fynt dat de provinsje no net langer gebrûk meitsje moat fan dit hotel foar oernachtings of sealhier. Der moat op koarte termyn earst in petear plakfine.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)