Frachtauto en bus yn 'e brân

© Omrop Fryslân
Yn Sint Anne binne sneintemoarn in frachtauto en in buske stellen en dêrnei yn 'e brân stutsen. Doe't de plysjes it plysjeburo útgongen, seagen se in grutte brânb. Op in paadsje oan de Keeg troffen se in folslein útbaarnde frachtauto oan.
Dizze wie earder dy nacht stellen by in leanbedriuw yn it doarp. Letter moast de brânwacht útrukke foar in buske dat yn de brân stie. Ek dit buske wie earder dy nacht stellen by in boumerk.