Man smyt sigaret nei plysje

08 mrt 2009 - 13:20

27-jierrige ynwenner fan it Hearrenfean is sneon oppakt yn syn wenplak omdat er in noch baarnende sigaret nei in plysje smiet. De plysjeman siet yn de auto mei it rút heal iepen.

De man seach dat en fûn dat er syn peuk yn de auto smite moast. Nei in koarte wrakseling koe er meinommen wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)