Fernielings yn Fryslân

© Omrop Fryslân
In 19-jierrige ynwenner fan Koudum is sneintemoarn oppakt foar it fernielen fan in taksy. De man siet mei fjouwer oaren yn in taksy yn De Westerein. De sjauffeur seach dat der saken fernield waarden en belle de plysje.
Yn Dokkum waard sneintemoarn in ynwenner fan 19 út Eanjum oanhâlden. Hy hat in fyts fernield. Tsjûgen seagen dat de man yn de Heechstrjitte ferskate fytsen optilde en ien meinaam. Dêrby skopte er tsjin it achtertsjil oan.