Johnny Tuinstra 14e yn WK

08 mrt 2009 - 01:53

IIsspeedwayer Johnny Tuinstra fan Tsjummearum stiet nei de fiifde wedstriid om it wrâldkampioenskip op it fjirtjinde plak. Yn Berlyn gong Tuinsta twa kear ûnderút, mar sûnder skea. Yn de oare omlopen pakte er punten: trije kear tredde.

Snein wurdt der wer riden yn Berlyn. It wykein derop is de finale yn Assen. Johnny Tuinstra gong yn de tredde wedstriid yn it Russyske Ufa ûnderút en bruts syn skouderbonke. Mei sân skroeven en in plaatsje rydt er no wer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)