Fryske hurdfytsers yn top 10

© Omrop Fryslân
Hurdfytser Jos Pronk út Warmenhuizen hat sneon de 56e Witte Kruis Classic wûn. Dit is in wedstriid oer 170 kilometer, de eardere Ronde fan Súd-Hollân. Hy wie de rapste fan in tolve man sterke kopgroep, dy't yn de lêste kilometers ûntstie.
René Hooghiemster fan Oentsjerk waard fyfde. Ploechmaat Sierk-Jan de Haan fan Dokkum, de winner fan 2008, waard njoggende.