SCO bliuwt haadklasser

07 mrt 2009 - 23:37

De kuorballers fan SCO ha sneontejûn troch in 18-15 oerwinning op Drachten har feilich spile yn de kuorbalhaadklasse. Drachten wie earder al degradearre. SCO, de ploech út Aldeholtpea, hat no 13 punten út 13 wedstriden. Snein is de topper yn de haadklasse tusken Vada en Mid-Fryslân.

Yn de oergongsklasse A ferlear kampioen CSL mei 16-11 by Dindoa. DFD gong yn deselde klasse mei 20-16 ûnderút by ASVD en Oerterp wûn mei 12-10 by DOS Kampen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)