SC Hearrenfean - FC Grins: 2-1

07 mrt 2009 - 22:37

SC Hearrenfean wûn sneontejûn opnij 'de slach fan it Noarden'. FC Grins waard krekt as earder dizze kompetysje yn de Euroborg yn de ekstra tiid ferslein. De thúsploech kaam yn de twadde helte troch Christian Grindheim op foarsprong. Grins spile doe al mei tsien man nei de reade kaart fan Martijn Meerdink. Danny Holla joech Grins wer hoop mei de 1-1. Nei de twadde reade kaart fan Grinzer Gonzalo García brocht Viktor Elm dochs noch feest yn it stadion: 2-1.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)