ONS wint fan Oranje Nassau

07 mrt 2009 - 17:08

ONS Snits hat sneon de seispuntewedstriid tsjin Oranje Nassau Grins mei 2-1 wûn. Yn de earste helte fan dizze spannende wedstriid makke Ton Haarman de 1-0. De Grinzers kamen foar it skoft op 1-1.

Deselde Ton Haarman makke foar de Snitsers yn de twadde helte de wichtige twadde treffer en soarge foar de 2-1 einstân. Ton Haarman is no mei 148 doelpunten kluptopskoarer. Hy folget Wieger Sinnema op, dy't op 146 doelpunten stiet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)