Iepen dei hegeskoallen

Op de iepen dei fan de Noardlike Hegeskoalle Ljouwert, Stenden University en Van Hall Larenstein yn Ljouwert kamen sneon sa'n 6500 jongeren ôf. Stenden hie bekende Nederlanner Jort Kelder as publykslûker ynset.
Nei de simmer wurdt pas echt dúdlik foar hokker oplieding de studinten keazen hawwe. Op de hegeskoallen yn Ljouwert studearje mei-inoar sa'n 25.000 minsken.