Stefanie Bouma wint yn Haren

07 mrt 2009 - 15:48

Hurdrinster Stefanie Bouma fan Drachten is yn Haren winneres wurden fan de heale maraton. De 26-jierrige studinte gong fan de start ôf oan de lieding en kaam allinnich oer de streek.

De winnende tiid oer de 21,1 kilometer wie 1.19,12. Yvonne Georg út Veendam waard twadde op fjouwer minúten en 13 sekonden fan de winner.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)