Stroetinga 1e op wrâldranglist

07 mrt 2009 - 14:28

Arjan Stroetinga fan Waskemar is de nije lieder fan de wrâldranglist maratonreedriden. Stroetinga folget oan de top fan de wrâldranglist ploechgenoat Bob de Vries fan De Haule op.

De 27-jierrige Stroetinga wie it ôfrûne seizoen goed foar tsien dei-oerwinnings en pakte ek de KNSB-cup. By de froulju stiet Maria Sterk fan Hallum op it fjirde plak. Mariska Huisman fan Andijk bliuwt earste.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)