Te hurd op Lauwersseewei

07 mrt 2009 - 13:56

In 58-jierrige Dokkumer moast yn de nacht fan freed op sneon syn rydbewiis ynleverje, omdat er op de Lauwersseewei by Rinsumageast mei 161 kilometer op 'e teller by in faasjekontrôle delried.

Op dat stik dyk jildt in maksimumsnelheid fan hûndert kilometer yn 'e oere. De man krige ek noch in bekeuring.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)