Oanholden nei efterfolging

© Omrop Fryslân
De plysje hat freedtemiddei nei in lange efterfolging twa Ljouwerters (33 en 38 jier) oanholden. Se wurde fertocht fan stellerij by in bedriuw oan de Lange Leane yn Warkum. In omstanner hie de plysje warskôge.
Fia Wâldsein gie it nei Snits en in benzinepomp yn Jutryp. Dêr blokkearre de plysje de útgong, mar de manlju ûntkamen. In bussjauffeur sette de bus dwers op de dyk, mar wer naaiden de manlju út. Uteinlik joegen se sels op en setten se de auto oan 'e kant.