Poppe slim ferwûne nei fal

© Omrop Fryslân
In ambulânse en de traumahelikopter moasten sneontemoarn nei Twizel om in poppe fan 8 moanne te behanneljen. De baby wie yn in ûnbewekke momint fallen en slim ferwûne rekke.
It personiel fan de traumahelikopter hat it slachtofferke ûndersocht, wêrnei't de poppe mei de ambulânse nei it sikehús fan Ljouwert brocht is.