Mooglik 1 doarpsfeest Holwert

De kâns is grut dat Holwert yn 2011 ien doarpsfeest fiert mei sawol de kristlike as de iepenbiere ferienings yn it doarp. Oant no ta waarden der twa doarpsfeesten holden.
De kristlike Oranjeferiening organisearret it feest om it jier, wylst de feriening foar folksfermaak Concordia alle jierren by it keatsen it feest fersoarge. De Oranjeferiening wol dêr fanôf en Concordia ek wol. By in ledegearkomste fan Concordia freed waard posityf reagearre op it foarstel.