Wurk oan spoar Ljouwert-Swolle
Der ride dit wykein gjin treinen mar bussen tusken It Hearrenfean en Meppel. Dat lit de NS witte. De wiziging is nedich omdat der oan it spoar wurke wurde moat.
Fanwege it wurk ride der tusken Ljouwert en It Hearrenfean gjin sneltreinen. Wol ride der alle oeren twa stoptreinen. De reis duorret dêrtroch in healoere langer.