Noardlike fariant 'Kolonisten'

(foto: RTV Noord)
Der is in noardlike fariant op it boerdspul 'Kolonisten van Catan' makke. Dy spilet him ôf yn Fryslân, Grinslân en Drinte. Dêrby is der, njonken de haadstêden, ek in wichtige rol foar Starum weilein.
It spul is in inisjatyf fan de organisaasje fan de beurs Noorderspel. Dy hat der by hege útsûndering tastimming foar krigen fan de Dútske betinker. Fan it spul binne 500 eksimplaren makke, dy wurde dit wykein ferkocht op de beurs yn Grins.