Jong-A-Pin yn de basis

Calvin Jong-A-Pin (foto: Martin de Jong)
Calvin Jong-A-Pin begjint tsjin FC Grins yn de basis. Hy ferfangt de skorste Goran Popov op de linksbackposysje. Roy Beerens is noch hieltyd siik. Hy trainde freed net mei, mar it is noch net wis oft hy tsjin Grins meidwaan kin. As Beerens net spilet, dan spilet foar him Patrik Ingelsten of Tarik Elyounoussi.
Christian Grindheim is wer better. Hy foel tsjin PSV út en kaam tsjin NEC net yn aksje omdat hy siik wie.