Plysje pakt rappe rider

06 mrt 2009 - 12:12
Foto: Omrop Fryslân

In automobilist (20 jier) út Ljussens is tongersdeitejûn by Rinsumageast oanhâlden. Hy ried gefaarlik op de Lauwersseewei. De man helle twa kear in auto yn mei in snelheid oant 137 kilometer, wylst ynheljen op dat plak net tastien is. Op de Lauwersseewei jildt in maksimum snelheid fan 100 kilometer.

De automobilist út Ljussens moat ek op kursus om syn rydgedrach oan te passen.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)