Drylts moat twadde mûne krije

06 mrt 2009 - 11:24

Drylts krijt in twadde mûne en in molewurkpleats. It giet om mole De Him yn Snits. Dy moat ferhúzje nei Drylts. Dat binne alteast de plannen fan Stichting Houtzaagmolen De Rat.

Neffens foarsitter Auke_van_der_Werff hat Drylts net echt in dúdlik hannelsmerk en dat moat hout wurde. Hy presintearre de plannen freed op it sympoasium IJlst Houtstad. Van der Werff tinkt dat it plan sa'n 15.000 oant 20.000 nije besikers oan Drylts opsmite kin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)