Earste ljipaai fûn yn Seelân

In broedsje (argyffoto)
It earste ljipaai fan Nederlân is fûn yn Seelân. Adriaan Jansen fan Yerseke fûn in broedsje yn natuergebiet Yerseke Moer op Súd-Bevelân. De fynst moat noch wol befestige wurde.
It soe de earste kear wêze dat it earste ljipaai fûn wurdt yn Seelân. Neffens it Sieuske Lânskipsbehear giet it wol om in hiele betide fynst. It rekord stiet op 3 maart. Dat wie ferline jier. Doe waard it earste ljipaai fûn yn Eemnes.