Skeel apteken noch net oer

© Omrop Fryslân
De nije apteek yn it sikehûs fan It Hearrenfean kin noch altyd gjin gebrûk meitsje fan it ynformaasjesysteem oer medisinegebrûk fan oare apteken út de regio. Yn dat systeem kinne aptekers neigean oft klanten gjin medisinen meikrije dy't skealik binne by oare medisinen.
De oare aptekers binne net bliid mei de konkurrinsje fan de nije apteek om't dat har klanten kostje soe. Dêrom wolle se it systeem net iepenstelle. De partijen prate ynkoarten meielkoar.