Beurs Huis en Tuin iepene
Iglo-wenten, design foar yn de tún, túnskermen. It is allegear te finen op de beurs Huis en Tuin yn it WTC-Expo yn Ljouwert.
De beurs wurdt foar de sechsde kear organisearre en is tongersdeitemiddei iepene troch kommissaris fan de Keninginne John Jorritsma. De beurs duorret noch oant en mei snein.