Jongeren sykje noch ûnderdak

05 mrt 2009 - 16:43

Bewenners fan it Huis voor Jongeren yn Ljouwert, dat sawat twa wiken lyn troffen waard troch in brân, sykje noch hieltyd nei gaadlik ûnderdak.

Se sitte op dit stuit ferspraat troch de stêd op plakken dy't foar sawol begelieders as de jongeren sels net ideaal binne. Sa sitte der bygelyks seis jonges yn de Terp. Foar yn totaal achttjin jongeren wurdt noch hieltyd nei in goed ûnderdak socht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)