Undersyk nei hoarekapaviljoen

05 mrt 2009 - 15:13

Boargemaster en wethâlders fan de gemeente Hearrenfean wolle in ûndersyk nei de komst fan in hoarekapaviljoen en in passantehaven by rekreaasjegebiet De Heide op It Hearrenfean. De beide ûntwikkelings binne alle langer yn byld.

De gemeente wol sjen of der in kommersjele partij is dy't der in hoarekapaviljoen delsette wol. Ek moat der noch oerlein wurde mei de gemeente Skarsterlân oer in passantehaven yn de Van Engelenvaart.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)