Skiterijgolf by SC Hearrenfean

05 mrt 2009 - 15:03

De skiterijgolf by de spilers fan Sportklup Hearrenfean liket ta te fallen. De measte spilers dy't woansdei lêst hiene fan 'e mage kamen tongersdei fit op de training. Allinnich Roy Beerens hat noch wat lêst fan de gryp. Hy foel woansdei yn de kwartfinale tsjin NEC yn de twadde helte út. Christian Grindheim hold der by de warming-up al mei op.

It is de ferwachting dat alle spilers foar sneon tsjin FC Grins wer fit binne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)