Jongeren foaral wurkleas

De wurkleazens ûnder jongeren groeit
It oantal wurkleaze jongeren is yn Fryslân de lêste moanne mei hast fyftjin prosint tanommen. De groei fan wurkleazens fan jongeren tusken de 15 en 27 jier giet dêrmei flugger as de rest fan de Fryske beropsbefolking.
Ek yn de rest fan it lân giet it tal wurkleaze jongeren yn rap tempo omheech. It fakbûn FNV-Jong makket him soargen oer dizze ûntwikkeling. Se binne benaud dat der op dizze wize in ferlerne generaasje ûntstean sil.