Kursus SMS foar âlderen

05 mrt 2009 - 10:47

Rûnom yn de provinsje wurde op dit momint kursussen jûn om âldere minsken yn de kunde te bringen mei de technyk fan de mobile tillefoan. Foar in soad âldere minsken binne mobile tillefoans in probleem. Se hawwe foaral muoite mei it systeem fan menu's, submenu's en toetsen.

In tillefoantsje dwaan giet meastentiids noch wol, mar adressen opslaan, SMS-berjochten ferstjoere en gebrûk meitsje fan bluetooth is der net by.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)