Ferset tsjin nije winputten

05 mrt 2009 - 10:01

It 'Bestjoerlik Oerlis Gas- en Sâltwinning' is tsjin fierdere gas- en sâltwinning yn Noardwest-Fryslân. De Fryske oerheden reagearje op it beslút fan de minister fan EZ. Dy wol twa oanfragen foar it slaan fan nije putten tastean. It giet om oanfragen fan de sâltfabryk Frisia en it gaswinbedriuw Vermillion.

De Provinsje wol earst witte wat de oarsaak fan de boaiemdelgong is yn it gebiet tusken Hjerbeam, Frjentsjer en Seisbierrum.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)