SC Hearrenfean yn heale finale

(foto: Martin de Jong)
SC Hearrenfean hat woansdei de heale finale fan de KNVB-beker helle mei in 3-1 winst op NEC. De earste Fryske goal waard makke troch Paulo Henrique. Krekt dêrfoar hie Lasse Schöne de ploech út Nijmegen op foarsprong sketten. In kertier foar tiid sette ynfaller Patrik Ingelsten De Feansters op foarsprong. Trije minuten letter makke Viktor Elm de 3-1.
By Hearrenfean hiene ferskillende spilers lêst fan de mage en wiene yn 'e skiterij.