FNV: 'Van Brummelen ticht'

© Omrop Fryslân
Masinefabryk Van Brummelen yn Ljouwert is troch de bank op slot setten en kin gjin jild mear liene. Dat seit in wurdfierder fan it fakbûn FNV Bondgenoten. Neffens him betsjut dit dat it bedriuw fallyt giet.
De 14 meiwurkers komme dan op strjitte te stean. Sy sitte no al thús, sa seit it fakbûn, omdat alle slotten fan it bedriuw ferfongen binne. Sa wol de bank foarkomme dat der spul út it bedriuw weihelle wurdt foardat der in kurator oansteld wurdt.