KvK: 'Te min jild toerisme'

"De foarsjennings binne der wol, no de promoasje noch"
Fryske gemeenten dogge te min om toeristen te lûken. Se hawwe wol plannen, mar hast gjin jild en minsken. Dat is de konklúzje fan in ûndersyk troch de Keamer fan Keaphannel yn Noard Nederlân, nei wat de gemeenten dogge oan it toerisme.
1 op de 15 banen yn Nederlân hat te meitsjen mei toerisme. Dochs hawwe gemeenten faak gjin toeristyske beliedsnota. Ek is der faak gjin apart potsje foar promoasje fan de gemeente by toeristen, seit de KvK.