Minder romte foar mokselfisker

© Omrop Fryslân
De tradisjonele wurkwize om mokselsied op te fisken sil yn de takomst ferdwine. Ek krije mokselfiskers 20 prosint minder grûn om yn de Waadsee te fiskjen. Wol meie fiskers dit foarjier wer de see op om mokselsied te fangen. De Ried fan Steat hie dit earder ferbean.
Mokselfiskers en natoerorganisaasjes ha woansdei hjiroer in akkoart berikt. Moderne ynfangynstallaasjes moatte yn 2020 de iennige metoade wurde om it sied op te fangen.