Provinsje ûndersiket skea

04 mrt 2009 - 17:30

De provinsje sil besjen oft se har ferantwurdlik fielt foar de skea oan de fundearrings yn it Feangreidegebiet. Op it stuit ha sa'n 400 wenten skea oan de fundearrings. Dat is ûntstien nei it ferleegjen fan it grûnwetterpeil.

De steaten wiene doe ferantwurdlik foar dat beslút en tinke no nei oer in skeafûns. Yn april sil besjoen wurde hoe't dat hannen en fuotten jûn wurde kin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)