Sneldyk Grou sneon opknapt

04 mrt 2009 - 16:51

Rykswettersteat pakt sneon it stik sneldyk by Grou oan. Troch froast en teiwaar rekke it asfalt op de A32 dêr skansearre. Fan 7 oere moarns ôf is ien rydbaan yn de rjochting fan It Hearrenfean ôfsletten.

Rykswettersteat sil beide rydbanen om bar freze. Nei de wurksumheden jildt der in maksimumsnelheid fan 90 km yn de oere.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)