Oefenje yn Woudagemaal

De âlde masines freegje in spesjale behanneling
It Woudagemaal op 'e Lemmer is in monumint, mar it hat by heech wetter noch altyd in wichtige taak. It gemaal helpt dan it wetter út de Fryske boezem fuort te meallen.
Om't it gemaal mar sawat twa kear yn it jier yn wurking set wurdt, kinne meiwurkers fan it Wetterskip der net in soad ûnderfining mei opdwaan. Dêrom wurde der dizze wike aparte oefensesjes organisearre.