Otter Alde Feanen wer fuort

04 mrt 2009 - 16:00

De otter dêr't novimber ferline jier spoaren fan fûn binne oan de râne fan de Alde Feanen, is wer ferdwûn. En dat wylst in part fan it natuergebiet ea ynrjochte is foar otters.

It bist kaam wierskynlik oarspronklik út de Rottige Meenthe of de Weerribben dêr't otters útset binne. Dat is noait bard yn de Alde Feanen en dêrom wie behearder it Fryske Gea bliid en grutsk dat der sa mar in otter by har natuergebiet sinjalearre waard.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)