Mooglik aksje Talant oer CAO

04 mrt 2009 - 13:17

Meiwurkers fan Talant komme mooglik yn aksje, omdat se net tefreden binne oer de nije CAO. Der leit in akkoart oer de nije CAO, mar allinnich it fakbûn CNV wie dêrby belutsen. De oare bûnen hawwe net mei-ûnderhannele.

Wurknimmers binne net tefreden oer it akkoart. Sy moatte bygelyks fakânsjeoeren ynleverje, wylst net helder is wat se dêrfoar werom krije. Op dit stuit wurde aksjes taret.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)