'Friezebal' yn Paradiso

04 mrt 2009 - 10:29
Foto: Omrop Fryslân

Paradiso yn Amsterdam stiet nije wike tiisdeitejûn hielendal yn it teken fan Fryske literatuer en muzyk. Dan is dêr it alternative boekebal dêr't tal fan Fryske dichters en sjongers optrede.

Dat boekebal is fiif jier ferlyn opset út protest. In soad skriuwers en dichters koene gjin kaartsje besette foar it offisjele boekebal yn de Stedsskouboarch. Dat feroare hieltyd mear yn in feestje foar bekende Nederlanners. Dêrom waard op deselde jûn in alternatyf feest organisearre.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)